Man oanhâlden by Beetstersweach om radardetektor

03 des 2015 - 21:07

In 45-jierrige man út Drachten is tongersdeitejûn by in kontrôle op de A7 by Beetstersweach oanhâlden, om't er in radardetektor yn syn auto hie. De man waard opmurken troch in plysje op in motor. Dy hie mei in spesjale detektor de radardetektor fan de Drachtster sinjalearre.

It materiaal is troch de plysje yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)