Online ferkeap fan boartersguod nimt ta

03 des 2015 - 20:12

De Sint docht noch mear oankeapen online as oare jierren. Dat fernimme se by Van der Meulen út Snits. Yn fergeliking mei ferline jier ferkocht de gruthannel 40 persint mear guod oan online shops lykas Bol.com. It meast populêr binne de saneamde ekspirimintedoazen en gûchelspultsjes. Boartersguod fan de disneyfilm Frozen docht it benammen by famkes goed, wylst by jonkjes Lego noch hieltyd heech op de ferlanglist stiet.

Van der Meulen bea tongersdei in wein fol oerbleaun boartersguod oan by de Snitser Speelgoedbank.

Van der Meulen bea tongersdei in wein fol oerbleaun boartersguod oan by de Snitser 'Speelgoedbank'. Dy diele it boartersguod wer út oan bern dy't mei Sinteklaas gjin kadootsje krije.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)