Man oppakt foar seksuele yntimidaasje fia ynternet

03 des 2015 - 18:08

In 37-jierrige man fan It Hearrenfean is oppakt foar it lestich fallen fan minderjierrige famkes fia ynternet. Fia Facebook soe de man seksueel tinte foto's sjen litten hawwe oan famkes fan 10 oant en mei 16 jier.

De plysje sette in ûndersyk yn gong doe't der in melding binnen kaam. Uteinlik binne 25 meldingen binnen kaam oer dizze man. De âlden fan seis famkes hawwe no oanjefte dien. De man wurdt troch de plysje heard.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)