Unrêst oer fúzje fan basisskoallen yn Frjentsjer

03 des 2015 - 17:31

Der is noch hieltyd in soad ûnrêst ûnder âlden fan basisskoalle De Fûgelflecht yn Frjentsjer. It hat te krijen mei de foarnommen fúzje mei de oare iepenbiere skoalle Kleyenburg en de ferhuzing nei dy lokaasje. Tongersdeitejûn praat de gemeenteried fan Frjentsjeradiel oer dy plannen. It is no sa út de hân rûn dat twa âlden opstapt binne út de meisizzenskipsried fan De Fûgelflecht.

Oare âlden roppe de gemeenteried yn in brief op poaten op goed te sjen nei de gefolgen fan in mooglike fúzje.

Ek moat der troch it skoallebestjoer folle better kommunisearre wurde oer de plannen en de gefolgen foar de bern. Ynterim-direkteur Marc Kameraad seit begryp te hawwen foar de klachten fan de âlden mar stelt dat der noch neat besletten is oer mooglike fúzjes yn de takomst.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)