Suksesfol Meet and Eat foar flechtlingen krijt ferfolch

03 des 2015 - 17:08
  • Gastgesin en flechtlingegesin ite tegearre

Der komt in twadde edysje fan Meet en Eat. It inisjatyf wêrby't flechtlingen út it WTC Expo yn Ljouwert op besite gean by gastgesinnen wie in grut sukses. Hast twa wiken lyn wienen 250 flechtlingen te gast bij 167 famyljes. Guon ieten meielkoar, oaren seagen nei Cambuur of se dienen spultjes.

In soad minsken ha telefoannûmers útwiksele en ha noch kontakt. Fanwege it sukses is der nije wike sneon wer in Meet and Eat. De earste gastgesinnen ha har al opjûn, mar der is ferlet fan mear.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)