Achtkarspelen: tekoart fan €25.000 troch opfang flechtlingen

03 des 2015 - 15:05
  • Yn Gerkeskleaster brochten minsken guod foar de flechtlingen

De gemeente Achtkarspelen hâldt in tekoart fan 25.000 euro oer oan de krisisneedopfang fan flechtlingen. Dat seit boargemaster Gerbrandy. Hy fynt dat de Feilichheidsregio Fryslân him ynspanne moat om it jild werom te krijen fan it COA.

Yn Achtkarspelen waarden in lytse 40 flechtlingen opfongen yn in leechsteande skoalle yn Gerkeskleaster.

Yn oare Fryske gemeenten der't asylsikers yn de krisisneedopfang sieten, spile it probleem net. No't it ryk de fergoeding ferhege hat, komme dy aardich út de kosten.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)