Oerterper trapearre mei pûde fol himpplanten

03 des 2015 - 11:32
  • Himp

In man fan 32 jier út Oerterp is yn de nacht fan woansdei op tongersdei oanholden om't er drugs by him hie. De plysje kontrolearre syn auto op de Atalantastrjitte op It Hearrenfean en rûkte in weedlucht. Yn de auto fûnen se in grutte pûde fol mei himptoppen.

De Oerterper waard oppakt en oerbrocht nei it buro. Dêr wurdt proses-ferbaal tsjin him opmakke. De plysje hat de drugs yn beslach naam.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)