Falske e-mail ropt op jild oer te meitsjen nei Fryske dûmny

03 des 2015 - 11:04

Der giet in falske e-mail fan dûmny Reinier Nummerdor fan de PKN gemeente Grou-Jirnsum rûn. Yn de e-mail wurde minsken frege om jild oer te meitsjen nei de dûmny.

Yn it berjocht stiet dat Nummerdor bestellen is fan syn tas en dêrtroch net by syn tillefoan, paspoart en jild kin. De dûmny is bot skrokken fan de e-mail en warskôget minsken om de e-mail te litten foar wat it is.

Wa't der efter de e-mail sit is net dúdlik. Neffens Nummerdor soe der in adres yn Frankryk efter sitte. De dûmny sil sa gau as mooglik oanjefte dwaan by de plysje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)