Oanhâldings by plysjekontrôle Noardwest-Fryslân

03 des 2015 - 10:22
  • Ferkearskontrôle

By in kontrôle fan de plysje yn ferskate doarpen yn Noardwest-Fryslân, binne woansdeitejûn twa minsken oanholden. Sy moasten noch boeten betelje. Twa oare minsken wisten oanhâlding te foarkommen, troch harren iepensteande boeten fuortendaliks te beteljen. It giet om bedragen fan goed 1200 euro en 275 euro.

Fierder naam de plysje twa rydbewizen yn. De bestjoerders rieden yn de beboude kom hurder as 80 kilometer yn de oere. De kontrôle waard holden yn it ramt fan ynbraakprevinsje. Hjirby kaam de plysje neat strafbers tsjin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)