ABN Amro kantoar Dokkum giet ticht

03 des 2015 - 10:07

ABN Amro slút it kantoar yn Dokkum om't de lêste jierren in soad minder minsken nei it kantoar komme. Op 18 maart fan it nije jier giet it gebou ticht. Op itselde plak komt in jildautomaat. 

Hieltyd minder kantoaren yn Fryslân

De meiwurkers fan ABN Amro Dokkum krije in oare baan oanbean by de oare lokaasjes yn Fryslân. Op it stuit binne der noch mar seis ABN Amro kantoaren yn Fryslân, nammentlik yn Harns, It Hearrenfean, Snits, Drachten, Ljouwert sintrum en by de NHL yn Ljouwert.

Online bankieren is populêr

Neffens ABN Amro wurdt it online bankieren hieltyd populêrder. De Mobiel Bankieren app fan de bank wurdt goed 57 miljoen kear yn 'e moanne brûkt. Ek advyspetearen wurde hieltyd faker fia de webcam dien.

Trefwurden: 
ABN AMRO Dokkum
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)