Ried DFM twifelet oer needsaak krematoarium by Aldehaske

02 des 2015 - 22:57

De gemeenteried fan De Fryske Marren twivelet noch oer nut en needsaak fan in krematoarium by Aldehaske. Sa is lang net dúdlik oft yn Fryslân wol ferlet is fan in fyfde lokaasje. De ried fan De Fryske Marren prate woansdei oer de plannen fan Van der Zwaag uitvaartzorg fan Oranjewâld.

Ek sit der in krematoarium flakby It Hearrenfean dêr't noch kapasiteit oer is. Dat soe ek it gefal wêze by oare krematoaria yn Fryslân. Buertbewenners yn Aldehaske binne poer op de komst fan in krematoarium tsjin.

Se binne benammen benaud foar ferkearsoerlêst en ek foar it ferdwinen fan harren útsicht. Neffens wethâlder Frans Veltman past in krematoarium yn it bestimmingsplan en wurde der ôfspraken makke oer de oan- en ôffierrûten fan roustoeten. Op 15 desimber nimt de ried in beslút oer de komst fan it krematoarium nei Aldehaske.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)