Auto yn sleat riden, slachtoffer nei it sikehûs

02 des 2015 - 22:18

In 26-jierrige man út Winschoten is woansdeitejûn ferwûne rekke by in ûngelok op de Wâldwei by Drachten. Hy wie de macht oer it stjoer kwyt rekke, botste tsjin de fangrail en sloech mei syn auto meardere kearen oer de kop. Uteinlik bedarre er op 'e kop yn in sleat.

Helpferlieners hawwe mei help fan in kraan de auto kantele en dêrnei koe de man sels út de auto komme. Hy is mei ûnbekende ferwûnings oerbrocht nei it sikehûs yn Drachten. Dêr is ûnder oaren in bloedproef ôfnaam om te ûndersykjen oft de man tefolle dronken hie.

Foar de helpferliening waard yn earste ynstânsje ek in traumahelikopter út Amsterdam oproppen, mar dy is letter ôfsein omdat it net mear nedich wie.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)