Ecoshop Helder is nominearre as bêste biologyske winkel

02 des 2015 - 16:24

Ecoshop Helder fan De Lemmer makket kâns op de titel 'Beste Biologische Winkel 2016'. De winkel is nominearre yn de kategory middelgrutte winkels en hat dêr konkurrinsje fan in winkel út Rotterdam en ien út Wijk bij Duurstede.

Neffens de sjuery hat Ecoshop Helder in romme, útnoegjende ynrjochting en in soad ynteraksje mei de klanten. Publyk kin no fia ynternet stimme op syn favoryt en op 20 jannewaris wurdt de winner bekend.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)