Luuc Eisenga kandidaat algemien direkteur SC Hearrenfean

02 des 2015 - 15:07

De 43-jierrige Luuc Eisenga wurdt nei alle gedachten de nije algemien direkteur fan Sportklup Hearrenfean. Eisenga is foardroegen troch formateur Sjoerd Feenstra en adviseur Egbert van Hes.

Luuc Eisenga is op dit stuit noch algemien direkteur fan de belangeferiening fan profesjonele hurdfytsploegen, de AIGCP. Hy wennet yn it suden fan Dútslân. Earder wie er ek kommunikaasjemanager foar de hurdfytsploech fan T-mobile en de Rabobank. Neffens Feenstra en Van Hes is it in Fryske bestjoerder mei in protte ûnderfining.

Tagelyk mei de oanstelling fan Eisenga wolle sy ek it bestjoersmodel fan Sportklup Hearrenfean oanpasse. Der komt ien direkteur, mei stipe fan trije managers. Ien foar fuotbalsaken, kommersjele saken en finânsjes. In ried fan kommissarissen moat tafersjoch hâlde op de direkteur.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)