Fryske hannelsmissy op besite yn Sina

02 des 2015 - 14:37
  • Heilongjiang is de meast noardlike provinsje fan Sina

In groep fan 30 fertsjintwurdigers fan Fryske bedriuwen en ynstellings giet snein foar in wike op hannelmissy nei Sina. De missy stiet ûnder lieding fan kommisaris fan 'e Kening John Jorritsma.

De Friezen moetsje bestjoerders en ûndernimmers yn de stêden Chengdu en Harbin. De klam leit op suvel, wettertechnology, toerisme en kultuer. Sa binne der yn Harbin plannen foar in feebedriuw mei 100.000 kij.

De delegaasje is útnoege troch de Sineeske partijsekretaris Wang Xiankui. Yn septimber besocht Xiankui Fryslân, tegearre mei 37 bedriuwen. Der is doe in oerienkomst tekene om te ûndersykjen oft der ekonomysk mear gearwurke wurde kin.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)