Steatsboskbehear: Hieltyd mear jiske ferstruid yn de natuer

02 des 2015 - 11:59

Hieltyd mear minsken hawwe as lêste winsk dat harren jiske nei de kremaasje yn de natuer ferstruid wurdt. Yn Fryslân giet it elts jier om tsientallen gefallen. 

Tastimming nedich fan grûneigener

Om jiske te ferstuien, is tastimming nedich fan de grûneigener, yn de measte gefallen is dat Steatsboskbehear. De natuerorganisaasje krige de lêste jierren sa folle oanfragen, dat se de Stichting Natuurlijk Herdenken oprjochte hat. Sadree't dy in fersyk krijt, wurdt der in ôfspraak makke foar wannear't de neibesteanden de jiske ferstruie kinne. 

De boskwachter wurdt dêrfan op de hichte steld.

Yllegaal jiske struie

It komt neist dizze oanfragen neffens boskwachter Roel Vriesema ek faak foar dat jiske yllegaal ferstruid wurdt. Derneist wurde der oanfragen dien foar it pleatsen fan beammen, bankjes of nammebuordsjes yn de natuer.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)