D66: "Der moat ien behearder komme foar it Waadgebiet"

02 des 2015 - 10:45

De Twadde Keamerfraksje fan D66 wol dat der ien behearder komt foar it Waadgebiet. Dat seit de fraksje yn de fisy 'Wees wijzer met de Waddenzee'. Neffens keamerlid Fatma Koser Kaya stiet it Waadgebiet mei in goeie reden op de Wrâlderfguodlist fan Unesco en moat der dêrom goed mei omgien wurde. 

Ofspraken mei fiskers oer fiskfangst

D66 wol fierder dat der dúdlike ôfspraken makke wurde mei de fiskers om de gefolgen fan de fiskfangst foar it miljeu te beheinen. Dêrneist moat der minder faak sân opspuite wurde.

Neffens de fraksje wurdt der no om de trije jier sân opspuite, wylst de fiskstân dan noch net goed wersteld is fan de foarige kear.

De fraksje besprekt har fisy woansdei yn de Twadde Keamerkommisje Lânbou en Natuer.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)