Gysbert Japicxhûs Boalsert krijt 50.000 euro fan provinsje

01 des 2015 - 22:25

De provinsje jout 50.000 euro oan it Gysbert Japicxhûs yn Boalsert, om't it takom jier 350 jier lyn is dat de ferneamde Fryske skriuwer ferstoar. Japicx spile in belangrike rol yn de ûntwikkeling fan it skreaune Frysk en stie oan de basis fan de hjoeddeistige stavering fan it Frysk. Mei de bydrage fan de provinsje is de begrutting fan hast 240.000 euro slutend makke.

Ferskate aktiviteiten stean foar 2016 op de rol. Sa sil der in bernemusikal opfierd wurde en binne der spesjale lêzings en kuiers.

Omrop Fryslân sil boppedat yn gearwurking mei it Gysbert Japicxhûs in fjouwerdielige dokumintêre meitsje oer it libben en wurk fan de skriuwer. Dy sil útstjoerd wurde op de omrop en op NPO1.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)