Man ferwûne by oanriding op A7 by Drachten

01 des 2015 - 22:13

By in ûngelok op de A7 by Drachten is tiisdeitejûn ien persoan ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak kamen in frachtwein en in auto mei mekoar yn botsing. De auto botste mei gong tsjin de fangrail. Hoe slim de persoan ferwûne rekke is, is net bekend.

De A7 fan Drachten-sintrum yn de rjochting Beetstersweach wie tydlik ôfsletten foar it ferkear. Op de dyk leine in soad brokstikken. Der ûntstie in file.

Trefwurden: 
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)