Auto botst tsjin beam yn Sigerswâld: ien persoan ferwûne

01 des 2015 - 20:08

By in ûngelok op de Binnenwei yn Sigerswâld is tiisdeitejûn in persoan ferwûne rekke. Troch noch ûnbekende oarsaak botste in auto tsjin in beam. De bestjoerder wie ferwûne oan de holle mar koe op eigen krêft út de auto komme. It slachtoffer hat nei in dokter west foar ûndersyk.

De auto rekke swier skansearre en moast fuorsleept wurde.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)