Nije staveringshifker moat stavering Frysk makliker meitsje

01 des 2015 - 19:04

De Fryske Akademy hat yn opdracht fan de provinsje in nije staveringshifker ûntwikkele. Dizze besjocht teksten yn bygelyks in dokumint op de kompjûter. Dat koe al, mar no kin it helpmiddel ek ynsetten wurde foar de programma's Outlook, Excel en Powerpoint. Njonken Windows wurket it programma no ek op Apple.

De kosten fan de staveringshifker lizze rûn de 71.000 euro. Yn de simmer fan 2016 wol de Fryske Akademy in app klear ha foar automatyske toetseboerdoanfolling.

By it typen ferskine dan Fryske wurden op it toetseboerd fan de mobyl dy't it skriuwen fan de taal ienfâldiger meitsje. Minsken dy't de fernijde staveringshifker delhelje wolle kinne terjochte op http://taalweb.frl/staveringshifker

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)