SC Cambuur makke ôfrûne seizoen in heal miljoen euro winst

01 des 2015 - 15:03

SC Cambuur hat it ôfrûne seizoen ôfsletten mei in winst fan goed in heal miljoen euro. Dat is in ton minder as it seizoen derfoar. Dat docht bliken út de jiersifers dy't tiisdei presentearre binne.

Cambuur hat noch altiten wol in negatyf eigen fermogen fan dik twa miljoen euro. Om dy skuld fuort te wurkjen is it krúsjaal dat de klup yn de earedivyzje bliuwt. SC Cambuur stiet op it stuit op it op-ien-nei-lêste plak.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)