Boargemaster tinkt nei oer maatregels tsjin De 2 Gemeenten

01 des 2015 - 14:59

Boargemaster Ferd Crone fan de gemeente Ljouwert tinkt nei oer maatregels tsjin de eigeners fan ytkafee en partysintrum De 2 Gemeenten yn Jirnsum.

Oanlieding is in grutte fjochtpartij dy't yn de nacht fan 21 op 22 novimber foar de doar fan de útgeansgelegenheid ûnstie. In groep stappers kearde him tsjin de plysje. Tritich plysjes besochten mei in tal plysehûnen de groep op ôfstân te hâlden. Ek binne pepperspray en wapenstokken brûkt.

Earder op de jûn waard al in plysjefrou slein troch in 49-jierrige man út Winsum. De man is oanhâlden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)