Rekreaasje-ûndernimmers yn ferset tsjin hegere belesting

01 des 2015 - 12:46

Ed en Jeannette Landman fan it Rekreaasjesintrum Sondel binne tsjin in ferheging fan de toeristebelesting troch de gemeente De Fryske Marren. Neffens Landman hat wethâlder Johannes van der Pal by in fergadering fan de VVV in proefballon oplitten om de belesting mei 25 prosint te ferheegjen.

It brêgejild soe ôfskaft wurde kinne. Landman is hjir poer op tsjin. Neffens him betelje de ferbliuwsrekreanten lykas kampearders al it grutste part fan de toeristebelesting.

As dy noch heger wurdt, soe dat minsken ôfskrikke en ''funest'' wêze foar de fierdere toeristyske ûntwikkeling. Boppedat is it neffens Landman net earlik, om't de opbringsten fan de toeristebelesting it meast brûkt wurde foar ynvestearrings yn de wettersport.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)