NAM draait gaskraan yn it Pinkegat net fierder ticht

01 des 2015 - 12:41
  • Boarplatfoarm by It Amelân

De NAM nimt noch gjin maatregels nei oanlieding fan de boaiemdelgong yn it Pinkegat tusken It Amelân en Skiermûntseach. Neffens mjittings giet de boaiem dêr flugger nei ûnderen as ferwachte. Mar dit soe allinnich spylje yn de djippere boaiemlagen, seit de NAM.

Troch de oanfier fan sân soe de boaiem oer it gehiel krekt omheech gien wêze. De Waadferiening is wol skrokken fan de lêste mjittings. Sy hawwe harren twifels oer de útlis fan de NAM dat de delgong opfongen wurdt troch oanfier fan sân.

Neffens de Waadferiening is it dreech om de boppeste lagen fan de seeboaiem te mjitten. Dêrnjonken is it mar de fraach oft de oanfier fan sân genôch wêze sil om de delgong fan de djippere boaiem op te fangen.

De feriening hat kontakt opnaam mei de minister en wol ek de fierdere polityk derfan oertsjûgje dat de NAM him oan syn ôfspraken hâldt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)