Jade Soarchgroep wol flechtlingen opfange yn Ald Beets

01 des 2015 - 11:54

De Jade soarchgroep út Geeuwenbrug (Drinte) wol sechtjin allinnichsteande, minderjierrige flechtlingen húsfestje yn de eardere soarchpleats De Westerein yn Ald Beets. It giet om in groep jongeren fan 13 oant 18 jier jier, dy't 24 oeren deis begelieding krije.

De gemeente Opsterlân hat tasein meiwurkje te wollen oan de opfang. Der waard yn it doarp al langere tiid praat oer it foarnimmen fan de soarchgroep. Jade is op it stuit drok dwaande mei de tarieding fan de húsfesting fan de flechtlingen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)