Slikenboarch hat measte reanimaasje-frijwilligers

01 des 2015 - 11:31

De kâns om op tiid reanimeard te wurden is yn Fryslân it grutst yn Slikenboarch. Ta dizze opmerklike konklúzje komt de Hartstichting. Dat komt neffens de stifting om't yn Slikenboarch prosintueel de measte bewenners harren opjûn ha as boargerhelpferliner.

Yn it doarpke yn Weststellingwerf hat mear as 11,4 prosint fan de ynwenners him opjûn. Waaksens stiet mei 11,1 prosint op it twadde plak en Eagum is mei 8,5 prosint tred. It gemiddelde yn Fryslân leit op 0,6 prosint.

Alle wiken ferstjerre 35 minsken yn Nederlân oan in hertstilstân. It is neffens de Hartsichting belangryk dat minsken mei in hertstilstân binnen seis minuten reanimeard wurde.

De stifting wol de kâns om in hertstilstân te oerlibjen ferheegje nei 25 prosint, troch mear seis-minutesônes yn te stellen.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)