Golfklup Lauswolt wol mear leden en ferleget entreejild

01 des 2015 - 11:18
  • De golfbaan fan Lauswolt

Golfklup Lauswolt yn Beetstersweach wol de sport tagonkliker meitsje en docht dêrom it entreejild foar nije leden flink nei ûnderen. It bedrach giet fan goed 1900 euro nei 250 euro. Wol giet de kontribúsje foar alle leden mei 25 euro omheech.

De klup ferleget it entreetaryf om mear nije leden te krijen. Earder waarden dêrom ek al oare maatregels naam. Sa hoege jeugdleden en leden oant en mei 40 jier hielendal gjin entreejild en obligaasjes mear te beteljen.

Ek binne der spesjale wykeinlidmaatskippen en in lidmaatskip wêrmei't je allinne oan de ein fan de dei golvje kinne.

"Golf heeft nog altijd een elite-imago, terwijl dat al lang niet meer zo is. Met deze maatregelen hopen wij veel meer mensen het golfen een keer een kans willen geven", seit Ilse Buijs fan Golfklup Lauswolt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)