Kollum: "Bedankt man!"

01 des 2015 - 08:31

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op tiisdei de radiokollum fan skriuwer Willem Schoorstra (1959) fan Ternaard. Yn it ferline publisearre hy in oantal (Frysktalige) romans wêrûnder 'De Ofrekken', 'Swarte Ingels' en 'Redbad'. Syn lêste wurk is in boek oer Grutte Pier. Willem skriuwt maatskippijkritysk, mei faak in humoristyske ûndertoan.

"Fan myn jongste jierren ôf ha ik nocht oan sport hân. Ien fan de earste sterke werinneringen oan in sportyf barren is dy oan de EK en WK’s reedriden. Utstjoerings yn swart-wyt. Mei in protte buorlju op in bult foar de televyzje. De geur fan kofje en de tsjokke, blauwe reek fan sigaren. Mannen op it skerm dy’t rûntsjeride. Der waarden tiden op in stik papier skreaun, dêr’t de folwoeksenen it hieltyd oer hiene. Ik begriep dêr neat fan. Dy’t it earst oer de streep komt, wint. Sa wie it toch?

Mar ek al begriep ik dêr net folle fan, de spanning en de opwining hiene my samar yn de besnijïng. Myn ynteresse foar sport waard dêr en doe wekker roppen. De striid, it heger, fierder, flugger, sterker en tûker fassinearre my. Behalve it reedriden kamen der tal oare sporten by, lykas it boksen, atletyk, hurdfytsen en fuotbal.

Dat lêste gie hielendal los yn 1970, it jier dat Feijenoord de Europacup 1 wûn, en yn Mexico it WK hâlden waard. Dêr wiene gjin bylden fan (of ik ha se net sjen mocht), mar nei ôfrin fan it WK krige ik in fuotbalblêd dêr’t alles yn stie: goals, risseltaten en aksjefoto’s. Nammen krigen in legindaryske klank: Pelé, Gerd Müller, Bobby Moore en Gianni Rivera.

Fan dat momint ôf waard fuotbal kening. Ik folge alles, gie spyljen by de doarpsklup en hie oars gjin doel mear as De Bal. Doe hie ik my noait yntinke kinnen dat myn ynteresse yn fuotbal ferdwine soe. Mar dat barde al. Omdat it stadichoan grutter en kommersjeler waard, ynstee fan in inkele westryd in miljoen wedstriden op ’e televyzje kaam.

Omdat uterlik en imago belangriker waard as kapasiteit, omdat nettsjinsteande hurde bikkels feroaren yn suertsjes dy’t jammerjend oer it gers rôlen om kollega’s in kaart oan te smarren. Klupleafde ferdwûn, wat bleau wie in bedriuw mei wurkjouwers en wurknimmers. Foar my wie de siel út de sport. Passy en emoasje feroaren yn agressy en tonielspul, wiene like nep as de foarholle fan Linda de Mol. It fuotbal wie dea foar my.

Oant ôfrûne sneon. Doe seach ik de trener fan in klup mei it moaiste shirt fan de wrâld. Hy fertelde op in parsekonferinsje wat er fan de wedstryd fûn. Se hiene wûn, ja. Mar se hiene foaral goed spile. Der wie útkaam wat der ynsiet. Dat wêr’t se op trainden. Hy sei dat er dat moai fûn. En waard muoilik. Hy dronk wat wetter en sei dat er it foar de minsken die. En dronk noch mear wetter om it brok yn de kiel kwyt te reitsjen. Mei de triennen yn de eagen, mar ek mei in glimk om de mûle, sei er dat soks typysk foar in âld man is.

Dy trener liet sjen dat echte oprjochte passy, emoasje en klupleafde noch bestean. Dy trener makke op dat momint in deade sport wer libben foar my. En dat fûn ik net allinne hartstikkene moai, mar it taaste my ek yn ’t moed. As in âld man, ja. Dat, ferdomme noch oan ta, Foppe, bedankt man!"

Folgje Willem Schoorstra op Facebook. Woansdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Eelke Lok.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)