Cambuur 2 en SC Hearrenfean 2 diele de punten

30 nov 2015 - 21:39

1500 minsken sieten moandeitejûn op de tribune yn it Cambuurstadion foar de wedstriid yn de reservekompetysje tusken Cambuur 2 en SC Hearrenfean 2. De wedstriid krige gjin winner. It waard 2-2. En dêrmei krige Cambuur te min, want de Ljouwerters wienen better en krigen de measte kânsen.

Yn in spektakulêre wedstriid iepene Valmir Berisha al nei 3 minuten de skoare foar Cambuur. Cambuur miste de nedige kânsen en doe sloech SC. Hearrenfean twa kear ta fia Tarik Kada en Henk Veerman.

Yn de twadde helte socht SC Cambuur fanatyk nei de lykmakker. Dy kaam der ek. Nygel Velder stie amper yn it fjild doe't hy skoarde en de einstân bepaalde op 2-2.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)