Bioboeren FrieslandCampina barre mear foar de molke

30 nov 2015 - 19:22

Biologyske boeren dy't lid binne fan FrieslandCampina krije oer desimber nochris 2,50 euro mear foar 100 kilo molke. Dêrmei komt de garânsjepriis op 52 euro. Foar de gewoane boeren is dat 30 euro. De ferheging foar de bioboeren komt troch de hegere fraach nei biologyske molke.

Boeren dy't foar Arla melke, krije oer desimber net mear foar de molke, Arla hâldt de prizen op itselde nivo as yn novimber. Mei de ferhegings falt de trochsneedmolkpriis dochs noch in stik leger út as dy fan ferline jier.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)