Ynskriuwing Fjoertoertocht Skylge úteinset

30 nov 2015 - 19:17
  • Fjoertoertocht op Skylge

De ynskriuwing foar de nachlike Fjoertoertocht op Skylge fan 2016 is moandeitemoarn begûn. De kuiertocht oer 15, 21 of 42 kilometer wurdt takom jier foar de njoggende kear hâlden. De minsken rinne in rûte troch de dunen, de bosk en oer it strân. Underweis soargje eilanner keunstners foar bysûndere fjoer- en ljochteffekten.

Alle dielnimmers komme oan de ein fan de rûte byelkoar om dan nei de finish by De Brandaris te rinnen. By eardere edysjes wie de limyt oan dielnimmers yn in pear oeren berikt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)