Mûnein Drachten protestearret tsjin komst camperplak

30 nov 2015 - 18:06

Buertbewenners fan it Mûnein yn Drachten protestearje tsjin in camperplak mei sanitêre foarsjennings by harren foar de doar. De lokaasje yn it sintrum hat sûnt koart in passantehaven, mar de gemeente wol mear toeristen.

De bewenners binne it dêr net mei iens. Se hawwe in petear hân mei wethâlder Ron van der Leck en fjirtich hantekenings oanbean. De bewenners fine dat der te min oerlis west hat oer de plannen. In koart fan tefoaren oankundige ynformaasjemomint oer it camperplak wie it iennige momint fan kommunikaasje.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)