"Yn Kanada ken gjinien rekôrhâlder Ted-Jan Bloemen"

30 nov 2015 - 16:54

Marlinde Kraaijeveld hie triennen yn de eagen nei it wrâldrekôr fan har man Ted-Jan Bloemen. Sa moai fûn se it. Mar by har op it wurk begriep net ien dat. "Het schaatsen is zo populair in Nederland, maar hier in Canada is het helemaal niets. Dus niemand op mijn werk begreep dat ik zo blij was." Marlinde Kraaijeveld is begjin dit jier har man, dy't doe noch har freon wie, út Fryslân wei achternei reizge nei Kanada. Yn augustus binne se troud.

Bloemen ried yn Salt Lake City in nij wrâldrekôr op de 10 km mei in tiid fan 12.36.30.

Dêrmei ferbettere Bloemen de tiid fan Sven Kramer. Dy ried yn maart 2007 12.41.69 op deselde baan.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)