Personiel rjochtbank hoecht net te ferhúzjen nei Grins

30 nov 2015 - 16:47
  • Rjochtbank Ljouwert

De foarnommen ferhuzing fan rjochtbankpersoniel fan Ljouwert nei Grins giet net troch. Der is gjin needsaak mear no't de polityk mear jild beskikber steld hat. Dat skriuwt it bestjoer fan de Rjochtbank Noard-Nederlân. De rjochtbank yn Assen bliuwt ek iepen. Om't op alle lokaasjes saken oanbean wurde, is der gjin needsaak mear foar in ferhuzing fan it personiel.

It bestjoer fan de Rjochtbank Noard-Nederlân fynt dat de húsfestingsplannen ynkoarten oanpast wurde moatte. Op 14 desimber moat dêroer mear dúdlikens komme.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)