Skûtsjeskipper Jelle Talsma hâldt op by IFKS

30 nov 2015 - 16:29

Jelle Talsma hâldt op as skûtsjeskipper by de IFKS. Hy siet njoggen jier oan it helmhout fan De Jonge Jan fan Warten. Yn dy jierren waard Talsma twa kear kampioen yn de A-klasse. By de lêste IFKS-silerij kaam er lykwols net fierder as it achtste plak.

Jelle Talsma wurdt opfolge troch syn 22-jierrige soan Fonger. Dy sil mei De Jonge Jan takom jier útkomme yn de C-klasse. Jelle Talsma bliuwt wol as adviseur ferbûn oan it skûtsje. "Dy jonges moatte noch in protte leare" seit Talsma.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)