Jorrit Bergsma reserve by ploege-achterfolging Inzell

30 nov 2015 - 16:17

Reedrider Jorrit Bergsma hat him wer beskikber steld foar de ploege-achterfolging. Bûnscoach Geert Kuiper hat mei him praat en ek mei oare riders. Dêr hat út bliken dien dat se wol meielkoar fierder wolle. Bergsma luts him begjin ferline jier by de Olympyske Spelen yn Sotsji werom foar de finale fan de ploege-achterfolging. Hy fûn dat er net serieus naam waard. Dêrnei woe er earst net mear.

By de wrâldbekerwedstriden yn Inzell takom wykein is Bergsma reserve sa't it no liket, achter Jan Blokhuijsen, Douwe de Vries en Arjan Stroetinga.

Sven Kramer komt yn Inzell net yn aksje. Hy is op trainingskamp yn Collalbo yn Italië. De wike dêrop is er wol presint by de wrâldbekerwedstriden yn Thialf.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)