Fit-mei-Femke hurdrincoach draaft 65 kilometer

30 nov 2015 - 15:28

Fit-mei-Femke-hurdrincoach Jaring de Groot hat ôfrûne wykein 65 kilometer hurdrûn yn in tiid fan krekt boppe de 6 oeren. Hy die mei oan de hurddraafwedstriid Drie Bruggen yn Oerisel en Flevolân. De rûte gie by de Ketelbrêge, Ramspolbrêge en Molenbrêge del.

De Groot rint alle wiken om ende by wol in maraton. Mar sa fier hie er noch net earder rûn. "Je besykje it wat út te wreidzjen. Ik wol op termyn nei de 100 kilometer ta. It wie de ynstek om wat fit út dy 65 kilometer te kommen. Dan moatte je stadich begjinne."

"En dat is slagge. Der hie miskien noch wol 10 kilometer yn sitten", sei hurdrincoach Jaring de Groot út Burgum, Trijeëntritich minsken hawwe de 65 kilometer útrûn, ien frou en 32 manlju.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)