Strjitrôf op frou yn scootmobyl yn Ljouwert mislearret

30 nov 2015 - 14:38

In strjitrôf yn Ljouwert mislearre moandeitemoarn. In frou út Ljouwert ried om 10 oere hinne mei har scootmobyl oer de Grutte Wielenstrjitte, doe't in ûnbekende man har bedrige en easke dat se har beurs oan him jaan soe.

De frou skrok bot, mar se ried wol troch. De bedriger naaide dêrnei út. It giet neffens de plysje om in donkere man fan tusken de 20 en 25 jier âld. Hy soe tusken de 1 meter 60 en 1 meter 75 lang wêze.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)