Waarman Piet Paulusma wurket 30 jier by Omrop Fryslân

30 nov 2015 - 13:56

Piet Paulusma is al 30 jier waarman by Omrop Fryslân. Tiisdei is de offisjele jubileumdei, mar moandeitemiddei wie er al by Femke de Walle yn de studio. Hy krige út namme fan de Omrop in oarkonde, in fleske bearenburch, in pûdsje pipernuten en trije tuten fan Femke. Piet wie fernuvere oer syn jubileum. "Wat giet de tiid dan hurd!"

Piet wie in oere lang te gast yn it radioprogramma De Middei Fan Fryslân. Hy fertelde dat er ferwachtet dat we dizze winter noch op natoeriis ride kinne.

"Ik ferwachtsje dat we yn jannewaris of febrewaris noch wol ien of twa langere perioaden krije mei winter. Dan tink ik dat wy ek wol op redens stean kinne."

Mear oer de winterfoarsizzing fan Piet Paulusma moandeitejûn yn Bynt.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)