Sjinkie Knegt is grutsk op nominaasje 'sportman fan it jier'

30 nov 2015 - 12:12

Sjinkie Knegt is grutsk op syn nominaasje foar sportman fan it jier. "It is toch wol in ferrassing. Ek as je sjogge dat Sven Kramer net nomineard is." Knegt waard dit jier Nederlânsk, Europees en wrâldkampioen shorttrack. De Bantegeaster is op it stuit yn Japan foar in wrâldbeker.

"Ik ha wol nocht oan dat gala. Dat is echt wat foar my", seit Knegt mei in licht sarkastyske ûndertoan. "Ien kear yn it jier komt de smoking út de kâst. Dus ik sil it wer efkes ôfstofje."

Knegt hat konkurrinsje fan springruter Jeroen Dubbeldam en BMX'er Niek Kimmann.

Oare Friezen dy't nomineard binne, binne Alyda Norbruis út Oerterp (paralympiër fan it jier) en swimster Marrit Steenbergen út Easterwâlde (sporttalint fan it jier).

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)