Oannimmer Friso rêdt ravaazje by Teater Snits op

30 nov 2015 - 10:56

Meiwurkers fan boubedriuw Friso rêden moandei de stiennen op dy't sneontejûn út de gevel fan it Teater Snits foelen. Tagelyk besjocht Friso wat de tastân fan de gevel is, bygelyks oft der noch gefaar is dat der mear stiennen út de gevel falle kinne. Mocht it nedich wêze, dan fiere se in needreparaasje út.

Bouwer Friso belûkt ek in ûnôfhinklik saakkundige by it ûndersyk nei de oarsaak. Earder konstatearren meiwurkers fan de gemeente al dat der gjin direkt gefaar is foar de omjouwing. De foarstellings yn it wykein koene gewoan trochgean.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)