Provinsje pakt yllegaal gebrûk fan grûn en wetter oan

30 nov 2015 - 10:20

De provinsje pakt de kommende twa jier it yllegaal gebrûk fan provinsjale grûn oan. Amtners sille de kommende tiid by minsken en bedriuwen del om dêrop te kontrolearjen. It giet mei-inoar om sa'n 3700 gefallen wêryn't sûnder tastimming wetter of grûn brûkt wurdt.

Tink dan bygelyks oan oanlisplakken of in steiger dy't efter in hûs oanlein is. Yn sa'n 130 gefallen is sprake fan in gefaarlike sitewaasje. Dan stean der bygelyks peallen midden yn it wetter. Dy sitewaasjes wurde mei foarrang oanpakt.

Neffens deputearre Klaas Kielstra begjint de provinsje net mei in 'heksejacht'. De provinsje nimt mei alle belutsenen kontakt op om te sjen hokker oplossing fûn wurde kin.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)