Kollum: "Pake moat mei de billen bleat"

30 nov 2015 - 08:26

Alle wurkdagen om 8:15 oere is it yn Fryslân fan 'e moarn tiid foar de kollum. Op moandei de radiokollum fan Nynke van der Zee fan Aldegea (Smellingerlân). Nynke is freelance-tekstskriuwer en ek wurket sy geregeld as buroredakteur op de redaksje fan Omrop Fryslân. Nynke skriuwt kollums sa’t sy sels is: nuchter, mar eins altyd mei in knypeach.

"Dit wykein hiene wy in frijgesellefeestje mei in groep froulju. En sa’t dat heart by frijgesellefeestjes hiene wy in stripper regele. Om klokslach alve oere jûns soe de jonge, godlike Vito syn entree meitsje. Mar nei’t wy mei ien klikje op ynternet dizze 'gespierde god' regele hiene, belle syn buro. Vito hie krekt syn ferstânskiezzen lûke litten en lei mei pine mûle op ’e bank yn stee fan by ús mei syn saakje te swaaien. Mar gjin panyk sei de dame oan de telefoan, want der al in ferfanger regele.

Sjoch, no is de stripperswrâld foar my ûnbekend terrein, dus ik fûn it beare-ynteressant om ris te sjen hoe’t soks der om en ta giet. Alderearst kinst op ynternet dus in man útkieze. Sa’n webside is in soarte fan Zalando mar dan mei 'bruingebronsde spierbundels', yn stee fan hakskuon en winterjassen. Kinst te kust en te keur kieze út strakke keardels mei nammen lykas Black Prince en Mister Passion.

Mei de ober fan it restaurant hiene wy ôfsprutsen dat ús stripper him yn de kelder ferstopje soe. Dus sa bedarren wy krekt nei alve oere jûns ûnder yn de krochten fan it restaurant, dêr’t er op ús wachte. Foarsichtich drukten wy de doar fan de kelderboks iepen. Dêr stie in man yn in fierstente grut wyt seemanspak. It paste ‘m fan gjin kanten. Mar wat my foaral opfoel wie hoe âld er al wie. Dit wie gjin jonge god sa as Vito dy’t wy besteld hiene; dit hie syn heit wêze kinnen.

Mar klear, gjin ge-eamel. Hjir moasten wy it mei dwaan. Ik knikte senior freonlik ta en soe ‘m in hân jaan. Mar yn stee fan him foar te stellen, frege er alderearst nei it jild. Dat gong net hiel subtyl, want yn plat Amsterdamsk rôp er: “Eerst betalen, zo werkt dat.” Les ien yn de stripperswrâld: earst betelje, dan pas de klean út.

Boppe yn it sealtsje dêr’t wy mei de froulju it feest hiene, siet ús slachtoffer yntusken braaf op ‘e stoel. De muzyk gong oan en dêr kaam ús strippende pake de seal yn. Yn syn te grutte seemanspak die er in ûngemaklik dûnske. It hie wol wat fan de Kabouter Plop-dans, mei sa’n huppeltsje der yn. No net bepaald sensueel, earder komysk. Wy moasten ús laitsjen ynhâlde doe’t er him stapke foar stapke útklaaide. Under it pak siet nammentlik in poepy brune man, mei wite strepen op ‘e kont, dêr’t de sinnebank net goed by komme koe. Les twa yn de stripperswrâld: soargje altyd datst karamelkleurich brún bist.

En doe gong de stripshow los. Pake hipte yn in swart strinkje troch de seal, kaam mei bodylotion en blyndoeken foar it ljocht en spuite slachrjemme op alderhande plakken dêr’t wy it wer ôfslikje moasten. As hichtepunt gong er mei syn poepy brune bleate kont ek noch efkes by ús op skoat sitten. Gelokkich wist er syn apparaat bedekt te hâlden, dus dat trauma bleau ús besparre. Want dat is les trije yn de stripperswrâld: jou dy nea hielendál bleat.

Foar't wy it wisten wie it floep: de muzyk hold op, pake griste syn guod by mekoar en ferliet yn rap tempo de seal. Mei allinnich in Nederlânske flagge om ‘e kont kuiere er mei de slachrjemme noch yn it hier troch it restaurant. Dat is nammentlik de belangrykste strippersles fan allegearre: soargje datst sa rap mooglik wer fuort bist. Tiid is jild. Pake moast nammentlik noch nei in feestje op De Lemmer.

Nei de striptease kaam de ober binnen. Hy gniisde om ús ferbjustere gesichten en die doe krekt itselde huppeltsje as ús stripper. “Dat soe’k eins ek wol kinne en myn pak sit ek noch better”, lake er. En dat is presys de moraal fan dit ferhaal. Elkenien kin wol stripper wurde. Sterker noch: it is in gat yn de merk want hjir yn Fryslân binne hast gjin manlike strippers.

Dus Jacob, nim in abonnemint op de sinnebank, hier in seemanspak by de kleanferhier, helje wat bodylotion en slachrjemme by de supermerk en klear bist. Soargje allinnich wol dat dyn ferstânskiezzen lutsen binne. Oars moat jim heit mei de billen bleat."

Folgje Nynke van der Zee op har webside www.nynketxt.nl. Tiisdei wer in nije kollum yn Fryslân fan 'e moarn, dan de Toan fan Willem Schoorstra.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)