SOVON ropt 2016 út ta 'Jier fan de Ljip'

30 nov 2015 - 08:05

SOVON Vogelonderzoek Nederland en de Vogelbescherming Nederland komme takom jier mei maatregels om de takomst fan de ljip feilich te stellen. De wichtichste maatregel is it folgjen fan jonge ljippen. Dêrûnder is hjoed-de-dei in soad stjerte.

As der in wize fûn wurde kin om dat yn de takomst foar te kommen, dan komt it wer goed mei de ljip, sizze de organisaasjes. It folgjen sil barre mei spesjale kleurringen. Lytse stjoerders binne gjin opsje, want dy binne te swier en ferheegje de stjertekâns fan de ljip wer.

Yn de lêste 25 jier is de populaasje fan de ljip troch de helte gien yn Nederlân. 2016 moat dêrom it Jier fan de Ljip wurde.

Trefwurden: 
SOVON ljip stjerte
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)