Dronken Drachtster mislediget plysjeminsken

30 nov 2015 - 07:54

De plysje yn Drachten hat sneintemoarn in 23-jierrige Drachtster en in 19-jierrige frou út Grins oanhâlden. De auto wêryn't it duo siet, foel op troch it frjemde rydgedrach fan de bestjoerster. De plysje sette de auto op de Eems oan de kant.

De frou siet achter it stjoer en hie alkohol dronken. Ek hie se gjin rydbewiis. De Drachtster hie noch in boete iepen stean. Om't hy dy net betelje koe, naam de plysje de auto fan de man yn beslach. De man hie ek in soad drank op en misledige de plysjeminsken.

Hy is dêrom meinaam nei it plysjeburo en hat in skoft yn de sel sitten.

Trefwurden: 
Drachten dronken auto
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)