Saailân yn Ljouwert ticht troch ôfwaaide dakplaat

29 nov 2015 - 21:09

De gemeente Ljouwert hat sneintejûn it Saailân yn Ljouwert foar elkenien ôfsletten nei de fynst fan in dakplaat op it plein. De gemeente hat gjin idee wêr't de dakplaat wei komt. De ôfsetting is oan de kant fan it Fries Museum. De parkeargaraazje is wol berikber. Ek kinne bussen by it gerjochtsgebou del riden bliuwe, seit in wurdfierder fan de gemeente.

De dakplaat waard krekt foar sân oere jûns ûntdutsen. Ut foarsoarch sil de ôfsetting de hiele nacht fan snein op moandei hanthavene wurde. Moandei sil de gemeente sjen wêr't de plaat wei komt.

Trefwurden: 
Saailân Ljouwert dakplaat
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)