LDODK begjint kuorbal league mei ferlies tsjin KZ

29 nov 2015 - 17:34
  • Erwin Zwart wie ticht by winnende treffer tsjin PKC

De kuorballers fan LDODK binne it seizoen yn de kuorbal league snein begûn mei in 25-22 ferlies tsjin Koog Zaandijk. Yn sporthal Koartsweagen op De Gordyk gong de skoare fan begjin ôf lykop. By 5-5 wist KZ in gatsje te slaan oant 5-8. De ploech fan trainer Erik Wolsink kaam lykwols knap op foarsprong (11-8), mar by it skoft wie it mei 14-14 wer yn it lykwicht.

Ek yn de twadde helte holden beide ploegen inoar lang yn lykwicht oant 21-21. Mei noch 4 minúten op 'e klok makken de gasten út Koog aan de Zaan it ferskil en pakten dêrmei de winst.

LDODK einige de wedstriid sûnder Markus de Boer, dy't mei in blessuere útfoel.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)