Snits Wyt Swart ferliest thús fan Hercules

29 nov 2015 - 16:08

Snits Wyt Swart Boso Snits ferlear snein op in winich sportfjild mei 2-0 fan Hercules. Op eigen fjild kamen de Snitsers al nei in kertier spyljen op efterstân troch in ûngelokkich eigen doelpunt. Yn de jacht op de lykmakker krige de ploech fan trainer Berry Zandink in pear goede kânsen mar de Snitsers fersommen te skoaren.

Mei noch fiif minuten op 'e klok wie it wol raak oan de oare kant en smiet Hercules de wedstriid yn it slot mei de twadde treffer. Troch it ferlies bliuwe de Snitsers stykjen op 11 punten út 13 wedstriden.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)