Knegt nominearre foar titel Sportman fan it jier 2015

29 nov 2015 - 15:46
  • Sjinkie Knegt

Shorttracker Sjinkie Knegt fan Bantegea is ien fan de trije sportmannen dy't nominearre is foar de titel sportman fan it jier. Dat hat de NOS bekend makke. Knegt waard dit jier Europeesk en wrâldkampioen yn syn sport. De oare kandidaten binne springruter Jeroen Dubbeldam en BMX-fytser Niek Kimmann. Dubbeldam waard Europeesk kampioen, wylst Kimmann ek de wrâldtitel by de BMX pakte. Ien fan de trije manlju sil de opfolger wurde fan fuotballer Arjen Robben, dy't de titel yn 2014 pakte.

By de froulju is gjin Fryske kandidate. Alyda Norbuis fan Oerterp is wol nominearre yn de kategory paralympysk. Ek swimtalint Marrit Steenbergen makket kâns op de titel Talint fan it jier. 

De winners wurde op tiisdei 15 desimber by it gala fan sportkoepel NOC*NSF bekend makke.

Diel dit berjocht op:
(advertinsje)
(advertinsje)